Amelânse Eva Mosterman foarlêskampioen fan Fryslân

09 apr 2019 - 18:01

Eva Mosterman fan It Amelân is tiisdeitemiddei op De Gordyk útroppen ta Frysk foarlêskampioen. Eva sit op de Kardinaal de Jongschool yn Nes op it eilân. Se lies in stik foar út it boek Mathilda fan Roald Dahl.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Neffens de sjuery slagge se deryn om Mathilda oer te bringen op it publyk. Alles kloppe hoe't se it ferhaal brocht. Dit jier hawwe 174 skoallen meidien oan de Fryske foarlêskampioenskippen. De trettjin bêste foarlêzers fan ús provinsje strieden tiisdeitemiddei tsjininoar yn De Skâns op De Gordyk.

Op 22 maaie is de lanlike finale yn Amstelveen. Dêr sil Eva ús provinsje dus fertsjintwurdigje.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de foarlêswedstriid en prate mei winneres Eva Mosterman

(Advertinsje)
(Advertinsje)