Fryske iishockeysters winne mei Nederlânsk team op WK

09 apr 2019 - 17:30

It Nederlânsk iishockeyteam foar froulju, mei trije Fryske spylsters, hat ek de tredde wedstriid op it WK yn Peking wûn. Oranje wie mei 4-0 te sterk foar thúslân Sina, dat krekt as Nederlân de earste twa wedstriden wûn.

Ljouwerter Nadia Zijlstra yn de goal fan the Capitals - Foto: eigen foto

Nederlân is nei de tredde oerwinning noch sûnder punteferlies, krekt as Poalen, dat kommende freed de tsjinstanner is fan de Nederlanners.

Bûnscoach Joep Franke keas foar de Ljouwerter goalie Nadia Zijlstra. Sy spile in prima wedstriid en koe foar it earst dit toernoai de nul hâlde. Yn it nasjonale team sitte fierder noch Hilde Huisman en de 17-jierrige Esther de Jong, beiden fan de Flyers fan It Hearrenfean.

Esther de Jong hie in oandiel yn de 2-0, doe't se in assist joech op oanfierster Wielinga, dy't dêrtroch skoare koe.

Oranje spilet moarn noch tsjin Letlân en dan wachtet freed Poalen. As beide wedstriden wûn wurde, promovearje de froulju nei de heechste klasse. Dat soe foar it earst yn de skiednis fan it frouljusiishockey wêze.

(advertinsje)