Ungelok by Aldeberkeap: ien persoan ferwûne
Op it plak fan it ûngelok wurdt op 't heden wurke oan de dyk. De botsing ûntstie trochdat de bestjoerder fan ien fan de auto's te let seach dat in auto foar him remme. It ferkear hat in soad hinder fan it ûngelok. De auto's wurde oer it njonkenlizzende fytspaad laat.