LTO baalt fan dongfraude: "Dit gedoe is funest voor ons imago"

Boere-organisaasje LTO baalt fan de grutskalige dongfraude yn ús lân. Der komme alle jierren tusken de 150 en 200 saken foar de rjochter, mar it Iepenbier Ministearje neamt dat 'dweile mei de kraan iepen'. Dit om't it skynber lukratyf is om hjir mei troch te gean.
© Omrop Fryslân
Yn de fraude wurdt op papier regele dat dong útriden wurdt op grûn dêr't dat noch tastien is, sûnder dat de eigeners dêr fan witte. Sa kinne boeren dy't in dongoerskot ha, harren dongadministraasje op papier op oarder krije en soks kin tonnen oan jild skele. Freed kaam yn Zwolle noch in saak foar de rjochter dêr't ek in Fries as tuskenpersoan by belutsen wie.
De LTO wol in gedrachskoade ynsette tsjin de fraude en ropt feehâlders ek op om fermoedens fan fraude te melden. Neffens Henk Schoonvelde fan de fakgroep Melkveehouderij, bale de boeren fan de fraudearjende kollega's. "We zijn daar helemaal klaar mee. Het is een prachtige sector die het ook goed doet. Dit gedoe is funest voor ons imago."
Schoonvelde fernimt ek dat der hieltyd mear meldingen dien wurde by de Nederlandse Voedsel- en Waren Autoriteit (NVWA). "Maar helaas blijven die soms erg lang liggen en dat is heel frustrerend!"
Henk Schoonvelde fan de fakgroep Melkveehouderij oer de dongfraude