Twa jier sel easke tsjin fertochten plofkreak De Lemmer

09 apr 2019 - 15:41

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei twa jier sels easke tsjin in 22-jierrige Lemster en in 27-jierrige ynwenner fan Urk. It twatal liet yn maaie 2017 de pinautomaat fan de Rabobank op De Lemmer ûntploffe en naaide op 'e skooter út mei in bút fan sa'n 130.000 euro.

Foto: CAMJO Media

Njonken de selstraf fan twa jier easket it Iepenbier Ministearje ek noch in heal jier sel ûnder betingst.

De plofkreak soarge foar in ravaazje by de Poiesz-supermerk op it Verlaet op De Lemmer, dêr't de pinautomaat fan de Rabobank siet. De gevel fan it gebou wie folslein fernield. Sels de EOD, de Explosieven Opruimingsdienst Defensie, moast yn aksje komme om it gebou te ûndersykjen, mar sy fûnen net mear eksplosiven.

Dieders oppakt

Lange tiid hie de plysje gjin idee wêr't de dieders krekt úthongen. In tsjûge, dy't him yn septimber 2017 melde, kaam mei mear ynformaasje oer de dieders. Ien fan harren, in 22-jierrige Lemster, koe yn desimber fan dat jier oanhâlden wurde. Ferline simmer waard de 27-jierriger Urker oppakt, hielendal yn België.

Foto: CAMJO Media

De fertochten hawwe altyd ûntkend. Sy wiene tiisdei net oanwêzich by de behanneling fan de saak. Sawol de Rabobank as de Poiesz tsjinnen skeaclaims yn. De totale skea foar de supermerk wie mear as 23.000 euro. It grutste part dêrfan waard fergoede troch de fersekering. It ferskil wol de Poiesz op de fertochten ferhelje.

Jild werom

De hast 130.000 euro dy't it twatal bút makke, wol de bank werom hawwe. Njonken dat moat ek de fernielde jildautomaat fergoede wurde. De offisier fan justysje kundige oan dat er noch in saneamde 'pluk-ze-foardering' oplizze sil. Dy tsjinnet om it kriminele jild fan de fertochten ôf te nimmen.

De rjochtbank yn Ljouwert docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)