Webwinkel mei museumstikken út kelder grut sukses: earste kolleksje útferkocht

Altyd alris in echt museumstik hawwe wollen? No is jo kâns. Ferskate Nederlânske musea, wêrûnder it Keramykmuseum Princessehof en it Fries Museum yn Ljouwert, ha tiisdeitemiddei om 12 oere in webshop lansearre dêr't se in grut ferskaat oan objekten te keap oanbiede oan it publyk. It is sa'n grut sukses dat de earste kolleksje binnen in pear oeren útferkocht is. Tiisdeitejûn om 18.00 oere komt der in nije kolleksje online.
© Museumdepotshop.nl
It giet om guod dat yn de kelders fan de musea stie. Sa wie der in molkkantsje fan it Princessehof te keap, en koene je foar sa'n 190 euro sitte op in echte museumstoel út it Fries Museum. En dan is dat net in stoffige stoel dy't neat wurch is, seit inisjatyfnimmer Pels Rijken tsjin de NOS. "Nee, het zijn hele mooie spullen. Wat voor een museum niet interessant is, kan dat voor een consument zeker wel zijn."
Der is in grut ferskaat oan saken, dy't yn priis fariearje fan 10 oant 675 euro. It djoerste stik út it Fries Museum is in âlde bakkerskarre fan bakker A. Fokkema út Eastdongeradiel.
De winst fan de ferkeap is foar de sektor sels, sadat se wer nije keunst keapje kinne. De stikken binne te finen op de webside museumdepotshop.nl.
It Fries Museum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma