Sjinkie Knegt stiet op dielnimmerslist bysûndere reedrydwedstriid

Sjinkie Knegt hat tasein dat er meidwaan sil oan in eksperimintele reedrydwedstriid takom seizoen. It giet om in saneamde 'icederby' tusken shorttrackers en langebaanreedriders.
Jeroen Otter (l) en Sjinkie Knegt © www.orange-pictures.nl
It is foar it earst dat sa'n wedstriid tusken langebaanreedriders en shorttrackers riden wurde sil. It spektakel liket yn opset op in keirinwedstriid, sa't wy dat kenne by it baanhurdfytsen.
Sân reedriders hawwe al tasein dat se meidogge. Njonken Sjinkie Knegt binne dat de shorttrackers Suzanne Schulting, Arianna Fontana út Italië, de Britse Elise Christie en de langebaanreedriders Jorien ter Mors (earder shorttracker), Michel Mulder en de Belch Bart Swings.
Knegt moast it ôfrûne shorttrackseizoen oan him foarby gean litte, nei't er yn jannewaris swiere brânwûnen oprûn by it oanstekken fan de houtkachel.

Yn Thialf

De Icederby Europe wurdt holden op it iis fan Thialf. Twa jier lyn stie de wedstriid ek pland, yn it Gelredome yn Arnhem. Dat koe doe net trochgean, omdat de finansiering net rûn kaam. Der is no in ynvestearder fûn foar it kommersjele inisjatyf en dêrtroch kin de dielnimmers ek prizejild bean wurde.