Keamerleden wolle better tafersjoch op grutte kontenerskippen

09 apr 2019 - 13:03

In soad partijen yn de Twadde Keamer en belange-organisaasjes fine dat de kontrôle op de belading fan grutte kontenerskippen ferskerpe wurde moat. Sy reagearje op it ûndersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord nei de kontenerramp fan begjin jannewaris mei de MSC Zoe.

De MSC Zoe yn de Bremerhaven - Foto: ANP

Ut it ûndersyk docht bliken dat it tafersjoch op it beladen fan grutte kontenerskippen net foldocht. Der giet regelmjittich wat ferkeard, mei as gefolch dat dizze enoarme skippen op see ekstra kwetsber binne.

In soad Kamerleden meitsje harren soargen. "Je ziet dat er een gigantische toename is van het aantal schepen en ook van de grootte. Eigenlijk zou je heel streng toezicht moeten hebben in de havens het is echt de vraag of dat op dit moment voldoende is", reagearret GroenLinks-Kamerlid Suzanne Kröger. ChristenUnie-Keamerlid Nico Drost seit dat "dit soort containerschepen moet zich aan de regels houden en er moet toezicht op zijn dat dit daadwerkelijk gebeurt."

Plan-út gefaarlik

D66-Keamerlid Rutger Schonis: "Ik heb zelf ook gehoord dat het sjorren van containers in de haven niet altijd zorgvuldig gebeurt. Als inderdaad de lading niet goed wordt vastgezet, dan is dat ronduit gevaarlijk. Wanneer blijkt dat het toezicht tekortschiet, dan wil ik van de minister weten wat zij hier aan gaat doen."

Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren (PvdD) is net fernuvere oer de útkomst fan it ûndersyk fan de omroppen. "Als je jullie onderzoek leest, dan blijkt dat het allemaal zo goedkoop mogelijk moet. Het gaat echt om bulkvervoer voor zo laag mogelijke kosten. Uiteindelijk betalen de milieu en de omgeving de prijs. Er moet beter gecontroleerd worden en er moeten hoge boetes op het niet naleven van de regels komen te staan."

Earst de oarsaken

It Fryske Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD fynt dat der earst dúdlikens komme moat oer de oarsaak fan de ramp mei de MSC Zoe. "Containervervoer over zee is inderdaad gegroeid de afgelopen jaren en van belang voor de economie. Het is cruciaal dat we nu eerst de oorzaken van de ramp boven de Waddeneilanden duidelijk krijgen en dan kijken naar maatregelen."

CDA-Keamerlid Maurits von Martels slút him dêrby oan. "We kunnen direct na zo'n ramp wel van alles roepen, maar dit soorten incidenten hebben vaak verschillende oorzaken. We moeten eerst weten waar het mis is gegaan. Neemt niet weg dat deze schepen uiteraard veilig moeten worden beladen en dat daar controle en handhaving op moet worden toegepast."

Harksitt

Woansdei is der yn de Twadde Keamer in harksit oer de ramp mei de MSC Zoe. Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach fiert dêr út namme fan de waadgemeenten it wurd. "Het is goed dat het zo uitgebreid is uitgezocht. Ik hoop wel dat deze ramp er toe gaat leiden dat in de toekomst het een en ander op het gebied van de veiligheid van deze schepen beter wordt geregeld."

De útkomsten fan it ûndersyk binne foar de organisaasje fan kustgemeenten KIMO werkenber. Foarsitter Sebastian Dinjens: "Als de overheid die enorme groei niet bij kan houden, dan wordt het tijd voor actie. Zoals de vraag of de duur dat deze schepen in de haven liggen langer moet worden, om ze goed te kunnen laden en controleren. Dat moet snel worden onderzocht."

Brief nei minister

Koart nei de ramp stjoerde Dinjens syn organisaasje in brief mei sân oanbevelingen nei minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Sa wurdt oantwongen op it ferbetterjen fan it tafersjoch en hanthavenjen by it beladen en sjorjen fan dizze kontenerskippen. De seekonteners moatte ek foarsjoen wurde fan in tsjip, wêrop't ôf te lêzen is wat der ynsit.

KIMO wachtet noch altyd op in ynhâldlik antwurd fan de minister. "De reactie die we hebben gekregen is zeer karig. Wij zijn geen actieclub maar medebestuurders en mede-overheden, die toch iets serieus proberen aan te kaarten. En dan verwacht je van de minister een inhoudelijk, serieuze reactie. Die hebben wij niet ontvangen."

Europeeske Kommisje

Wy fregen ek om in reaksje fan de Europeeske Kommisje. Dy blykt yntusken in eigen ûndersyk begûn te wêzen. Der wurdt ûnder oare sjoen nei de ynternasjonale feilichheidsmaatregelen foar it beladen fan dizze grutte kontenerskippen.

Ek yn Brussel is trochkrongen dat der wat feroarje moat, wannear't we dizze wat kryptyske reaksje krigen: "Onze algemene conclusie is dat het juridische kader nogal gefragmenteerd is en de implementatie van internationale regels onvoldoende is. We hebben ook een aantal concrete maatregelen voor ogen, maar we zijn hierover nog in intern overleg met andere afdelingen in de Commissie. Wij kunnen u daarover dan ook voorlopig nog geen nadere informatie verstrekken."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 342 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)