UPDATE: Feanster (28) oanholden by ynfal yn himpkwekerij Jannum

De plysje hat tiisdeitemiddei in himpkwekerij oprôle yn Jannum. De plantaazje bestie út 1.200 planten en wie opboud yn in leechsteande pleats oan de Iedyk. By de ynfal is in 28-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden. De plysje slút net út dat der noch mear minsken oppakt wurde.
Plysje rôlet himpkwekerij mei 1.200 planten op yn Jannum
Neffens de plysje giet it om in profesjonele kwekerij, dêr't op jierbasis wol in heal miljoen euro mei te fertsjinjen wie. De ûntdekking is neffens teamsjef Marjan de Ruiter fan de plysje Noardeast-Fryslan bysûnder, omdat der net faak sa'n grutte plantaazje ûntdutsen wurdt. "We binne dan ek hiel bliid dat we melding krigen ha fia Meld Misdaad Anoniem en dat wy op dizze manier hjir achterkommen binne."
De himpkwekerij yn Jannum © Kappers Media
Teamsjef Marjan de Ruiter fan de plysje Noardeast-Fryslan