Mysterieuze luchtbûlen lûke Drachtster brânwacht de sleat yn
De brânwacht fan Drachten is tiisdeitemoarn útriden nei it wetter by de strjitten De Rien en De Ee. Yn it wetter dêr kamen mysterieuze luchtbûlen nei boppen en der waard tocht oan in ierdgaslekkaazje.
De brânwacht hat mjittingen dien, mar koe neat fine. Foar de wissichheid gie in brânwachtman it wetter yn. Dêr waard in betonnen buis oantroffen dêr't lucht út kaam. Dêrnei is de brânwacht wer werom gien nei de kazerne.