De wei fan de MSC Zoe nei de ramp

De MSC Zoe is in skoft út de feart west nei it ferliezen fan de konteners boppe de Waadeilannen. Pas sûnt ein maart is it skip wer echt ûnderweis. Diskear nei Singapoer.
© Havariekommando
Op 29 maart hat MSC Zoe de Bremerhaven ferlitten. Dêrnei fear it skip nei Felixstowe yn Grut-Brittannië. De rûte dêrnei rûn nei Port Said en op dit stuit giet it skip troch it Suez-kanaal, ûnderweis nei Singapoer.
It liket der bot op dat de MSC Zoe dus hast trije moannen út de rûlaasje west hat. Nei de ramp hat it oant 19 jannewaris yn de Bremerhaven lein. Dêrnei wie it in skoftsje yn de haven fan Gdansk yn Poalen en kearde it op 5 fabrewaris werom yn de Bremerhaven. Dêr bleau it skip oant sa'n oardel wike lyn.

Wiere omfang

Op 6 febrewaris waard bekend dat de MSC Zoe gjin 291, mar 345 konteners ferlern hie yn de rampnacht. Yntusken is it offisjele sifer bysteld nei 342. Dit makke de rederij bekend doe't de lêste lading lost wie yn Gdansk. Pas doe, goed in moanne nei de ramp, wie de wiere omfang bekend.
Wêrom't it skip nei dy bekendmakking noch sa lang net te farren west hat, is ûnbekend.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 342 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.