Moardsaak Van Seggeren yn juny foar de rjochter

09 apr 2019 - 11:18

De saak Van Seggeren komt definityf op 12 en 13 juny foar de rjochter. Dat waard tiisdeitemoarn dúdlik op in pro-formasitting. De rjochter lûkt dus twa dagen út foar de behanneling fan de saak.

De saak tsjin de 34-jierrige widdo fan Van Seggeren wurdt tiisdei net ynhâldlik behannele. De frou wurdt fertocht fan de moard op har man Tjeerd van Seggeren yn july 2017. It lichem fan it 37-jierrige slachtoffer waard oantroffen yn in stik greide by De Westereen. It is noch hieltyd net dúdlik wat der krekt bard is. Der binne meardere senario's trochnaam en der binne meardere fertochten oanhâlden.

Foto: De Vries Media

Yn jannewaris fan dit jier is in Dútske man oanhâlden, de eks-freon fan de widdo fan Van Seggeren. Dizze man is op 11 maart oerlevere oan de Nederlânske justysje. Trije dagen letter is hy wer frijlitten, om't út ûndersyk bliken die dat hy nei alle gedachten neat mei de gewelddiedige dea fan Van Seggeren te krijen hat.

Neffens offisier fan justysje Henk Mous is de Dútser noch wol fertochte. "Toch heb ik besloten om hem niet voor te geleiden. Er was een misverstand met het alibi dat hij had. En daar baalt hij van", sei Mous tiisdeitemoarn. Yn earste ynstânsje waard nammentlik tocht dat de man net earlik west hie oer syn aliby. Ut syn ferklearring die lykwols bliken dat der in fersin wie.

Plysje-ûndersyk yn saak-Van Seggeren - Foto: Omrop Fryslân

Neffens advokaat Brian de Pree fan de fertochte frou is it in nuvere saak. "Het Openbaar Ministerie presenteert als een soort van schijnbeweging steeds weer een doorbraak. Eerst werd de moeder aangehouden en even later weer vrijgelaten. Onlangs de Duitse ex-vriend, die na een paar dagen ook weer vrijkomt. Het OM werkt op deze manier aan een bepaalde beeldvorming, om de verdenking van de verdachte vooruit te duwen."

Dat foel by Mous ferkeard. "De verdediging moet zich aan zijn taak houden. Hij is nu het Openbaar Ministerie aan het framen. Wij hebben nooit het woord 'doorbraak' gebruikt. Het gaat hier om een moord. En dat kan betekenen dat we mensen moeten aanhouden. We moeten alle registers opentrekken."

Frou bliuwt fêstsitten

De Pree frege de rjochtbank om it foarriedich fêstsitten fan syn kliïnt op te heffen. Neffens de advokaat binne der gjin earnstige beswieren om de frou langer fêst te hâlden. De fertochte neamde it proses oant no ta "allemaal poespas. Alles wordt negatief uitgelegd. Ik heb alles verloren, mijn pijn zien jullie niet. Jullie weten niet wat het leven is in de gevangenis."

Neffens har advokaat mist se har bern bot. "Dat alleen al is reden genoeg om haar in afwachting van het proces vrij te laten", seit De Pree. De rjochtbank is it dêr net mei iens en dus moat de frou fêstsitten bliuwe.

Undersyk hast klear

It ûndersyk is sa goed as klear. De heit en sus fan Van Seggeren binne yntusken heard. Allinne de telefoangegevens fan de fertochte moatte noch ûndersocht wurde. Dat is ein april klear.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de saak Van Seggeren

Yn july 2017 wurdt it lichem fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren oantroffen yn in stik greide by De Westereen. In oersjoch fan de moardsaak is hjir te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)