Laadbrieven fan MSC Zoe bliuwe noch geheim

09 apr 2019 - 11:00

Wat siet der krekt yn de konteners fan de MSC Zoe? Ofsjoen fan it oanspielde guod, is dêr noch hieltyd net folle dúdlikheid oer.

Foto: Kustwacht Nederland

De laadbrieven fan de Zoe kinne dêr útslútsel oer jaan. Dy binne yntusken troch de rederij MSC beskikber steld oan Rykswettersteat.

Fia in berop op de Wet openbaar bestuur (Wob) hawwe Omrop Fryslân en RTV Noord dy laadbrieven opfrege. Dêrby giet it ek om alle dokuminten dy't dêrmei te krijen hawwe.

Oer in Wob-fersyk moat binnen fjouwer wike in beslút nommen wurde. De termyn is ûnderwilens foarby gien, mar kin troch de belutsen ynstânsje noch wol mei inselde perioade ferlinge wurde.

Rykswettersteat lit yn in brief dan ek it folgjende witte: "It is net mooglik om binnen fjouwer wike op jo fersyk te besluten. De reden dêrfoar is dat in soarchfâldige behanneling fan jo fersyk om mear tiid freget."

(Advertinsje)
(Advertinsje)