Jong SC Cambuur giet thús hurd ûnderút tsjin NAC Breda

09 apr 2019 - 10:56

It belofteteam fan SC Cambuur hat moandeitejûn de kompetysjewedstriid tsjin NAC Breda ferlern. Yn eigen hûs gie de ploech fan trainer Dennis van der Ree mei grutte sifers ûnderút tsjin de gasten út Breda (0-7). Seis goals foelen nei it skoft.

De seleksje fan Jong SC Cambuur - Foto: www.dijksfotografie.nl

Yn de earste helte kamen de Ljouwerters op efterstân troch in goal fan Mo Aminu. Nei it skoft rûn de skoare fluch heech op troch doelpunten fan Julian Broeren, Skender Loshi (twa) en Paolo Fernandes Cantin (trije).

Troch it ferlies stiet Jong SC Cambuur op it sânde plak yn de ferliezerspûl. Takom moandei reizgje de Ljouwerters ôf nei Helmond foar it duel mei Jong VVV-Venlo/Helmond Sport.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NAC Breda
(advertinsje)
(advertinsje)