Water Natuurlijk, PvdA en FNP bûtenspul yn advys nij bestjoer Wetterskip

09 apr 2019 - 10:16

It nije bestjoer fan Wetterskip Fryslân sil bestean út seis partijen: CDA, VVD, ChristenUnie, Lagere Lasten Burger, Geborgd Bedrijfsleven en Geborgd Onbebouwd. Dat is it advys dat ynformateur Sjoerd Galema tiisdeitemoarn bekend makke yn Ljouwert. De beëage koälysje hat mei 13 fan de 25 sitten in minimale mearderheid.

Water Natuurlijk, PvdA en FNP komme net yn de plannen foar. Flak nei de ferkiezingen skoden dizze partijen Gerben Gerbrandy fan de FNP nei foaren as ynformateur. Dy move waard Water Natuurlijk, PvdA en FNP net yn dank ôfnaam troch de oare partijen.

It sels nei foaren skowen fan in ynformateur soarge foar in fertrouwensbreuk tusken de beëage koälysjepartijen en Water Natuurlijk. Dy partijen sjogge net genôch romte om gear te wurkjen mei de partij fan listlûker Tieneke Clevering. Uteinlik waard Galema fan CDA de echte ynformateur. Syn útstel is in advys.

'Wetterskipsfûns'

Wetterskip Fryslân wurdt neffens Galema belêst mei in soad nije taken. Taken dêr't it wetterskip eins gjin jild foar hat. Foar dy nije rol en taak op it mêd fan bygelyks klimaatadaptaasje soe der eins in 'Wetterskipsfûns' komme moatte, seit Galema. Boppedat komt der, as it oan Galema leit, in deistich bestjoer fan fjouwer profesjonele bestjoerders.

Ynformateur Sjoerd Galema (CDA) - Foto: Omrop Fryslân

Ynformateur Sjoerd Galema en Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Bé de Winter fan it CDA

Otto van der Galiën fan Lagere lasten burger

(Advertinsje)
(Advertinsje)