De tredde helte: jou dyn klup op!

09 apr 2019 - 09:29

Fansels, sporte dochst foar de kondysje en om fit te bliuwen. En dochst it om'tst fuotbal, kuorbal, follybal, judo of keatsen it moaiste fynst wat der te dwaan is. Mar sis no sels: efkes noflik neisitte is dochs op syn minst sa belangryk? Omrop Fryslân makket dy neisit no noch fleuriger!

Foto: Omrop Fryslân

Set de radio yn de kantine op 92.2 FM en wy draaie de favorite muzyk fan dy en dyn team. Op Omropfryslan.nl/treddehelte kinst tsien platen kwyt. Dêr wurde in pear út keazen, meastentiids trije, dy't yn de útstjoering passe.

'De tredde helte' is te hearren yn de radioprogramma's 'Sneon yn Fryslân' mei Diana de Groot en 'Snein yn Fryslân' mei Johan Terpstra tusken 17.00 en 18.00 oere. Fansels krigest berjocht oer wannear't de platen draaid wurde.

Tip: kies in ferskaat oan artysten, in leuke miks fan hits fan doe en no.

(advertinsje)
(advertinsje)