Kollum: "De fakkefoller en de boanus"

09 apr 2019 - 08:20

"In splinter kin jin wakker pleagje, ek al is er noch sa lyts. Sa gie it my de ôfrûne dagen mei in lyts berjocht. Tusken it nijs oer it boatûngelok mei tweintich Nederlânske ferwûnen, skoallen dy't tichtgean yn ferbân mei de krimp, de problemen yn Libië en Elly & Rikkert dy't harren ballen definityf yn de beam hingje, bleau dat iene berjocht oer Klaas-Jan van Steenbergen mar sangerjen."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Van Steenbergen wurket yn in supermerk yn Ljouwert. Hy hat PDD-NOS, begrypt dingen soms minder fluch en hat in protte struktuer nedich. It UWV, it Uitvoeringsinstituut Werknemersverzekeringen, wol dat minsken wurkje. Om dy reden betellet it de helte fan Klaas-Jan syn salaris, in saneamde Wajongútkearing. Sa'n útkearing is bedoeld foar minsken mei in sykte of in handicap.

Hartstikke moai, elkenien tefreden. Klaas-Jan omdat er graach wurket, de baas omdat Van Steenbergen in echte wrotter is, en it UWV om't dat syn doelen hellet. De baas fan de winkel wie sels sa tefreden dat er syn wurknimmer in boanus fan 350,- joech, fanwegen dy syn 12,5-jierrich wurkjubileum. En dêr begjint it gesoademiter.

Want dy boanus is tsjin de regels, neffens it UWV. Dy 350,- dêr't Klaas-Jan sa bliid mei wie, moast er by it UWV ynleverje, plus noch wat ekstra foar de belêstingen. Soks neam ik kafkaëske tastannen. It wurk fan de skriuwer Franz Kafka giet oer absurde burokrasy, oer in ûnpersoanlike maatskippij en in geheimsinnige saaklikens. Yn de wrâld fan Kafka is ek net ien ferantwurdlik foar beslissingen. Boargers fjochtsje yn dy wrâld tsjin in ûnsichtbere, mar ûnferbidlike tsjinstanner. Alles is fan tapassing op de kwestje fan Klaas-Jan van Steenbergen.

Regels moatte der wêze, 'Ordnung muss sein'. Dat begryp ik. Wat ik net begryp is dat it yn de wrâld fan it UWV allinne mar oer dy regels giet, net oer de minske en de minsklike mjitte. Burokrasy, ûnpersoanlikens, saaklikens. Mei sa'n hâlding helpst minsken net. Sterker: de hâlding fan it UWV makket minsken siik. Dat blykt út de sifers.

Leafst 31% fan minsken mei in útkearing hat psychyske problemen. Dy't se net hiene foar't se mei it UWV te meitsjen krigen. Sis UWV, en it giet oer it negatyf beneikommen fan minsken, oer soms beledigjende en fernederjende opmerkingen. It giet oer wantrouwen, oer driigjen mei sanksjes en koartsjen op útkearingen.

Troch de eigen adresregistraasje fan it UWV wurkje se fraude yn 'e hân. Tûzenen Poalen krigen op dy wize in WW-útkearing dêr't se gjin rjocht op hiene. Hûnderten 'arbeidsongeschikten' dy't, neffens in kloklieder, in libbenslange útkearing tawiisd krigen sûnder dat dêr in dokter oan te pas kaam. Yn 2016 kende it UWV by 33% fan de kliïnten in útkearing ta dy't dêr gjin rjocht op hiene, en wiisde 9% ôf dy't dêr just wol rjocht op hiene.

Dat ynstitút. Dy kafkaëske organisaasje. Dy't sûnder te ferblikken in boanus fan in fakkefoller ôfpakt. En him dêr ek noch belêstingen oer betelje lit. Sjit my mar yn de beam by de ballen fan Elly & Rikkert."

(advertinsje)
(advertinsje)