Orca sil mei swimkursus bern tariede op simmerseizoen

Der komt noch elk jier in grut tal minsken yn de problemen by it swimmen yn it bûtenwetter. Dêrom komt de Ljouwerter swimferiening Orca yn aksje foar de swimfeiligens. Se ha in spesjaal programma ûntwikkele, sadat bern better taret binne op it swimmen dizze simmer.
Swimme yn de simmer © Shutterstock.com
Nei it heljen fan in swimdiploma, wurdt it regelmjittich oefenjen faak ferjitten. Mei it programma hopet de feriening de swimfeiligens te fergrutsjen. It programma bestiet út in kursus fan tsien wiken. Under begelieding wurde ferskate swimtechniken beoefene en wurdt ek de kondysje ferbettere.
"Nu de zomer eraan komt, willen we bij Orca graag dat kinderen veilig kunnen zwemmen in een druk openluchtzwembad of in open water. Een paar extra zwemtrainingen zouden goed van pas kunnen komen. Daarom hebben wij het programma 'Veilig de zomer in' in het leven geroepen", seit inisjatyfnimster Jantina van der Ven.
De kursus set nei de maaie-fakânsje útein.