Hoefolle konteners komme jierliks yn see telâne?

09 apr 2019 - 08:00

De fraach stelle is makliker as it goede antwurd te finen. Hoefolle konteners komme alle jierren oer de hiele wrâld yn see telâne? Betroubere sifers binne lestich te finen. In database wurdt der net fan byhâlden. De sifers dy't sirkulearje rinne nochal útinoar. Se fariearje fan in pear tûzen oant 30.000 konteners yn it jier.

Foto: Kustwacht Nederland

It getal dat it faakst neamd wurdt yn allerhanne publikaasjes is 10.000. Dat is ek it oantal dat nei foaren komt yn in Amerikaansk ûndersyk, wêryn't de ynsidinten mei kontenerskippen ûndersocht binne.

De World Shipping Council komt mei in folle leger sifer. Neffens de organisaasje binne tusken 2011 en 2017 oer de hiele wrâld yn trochsneed 1390 konteners yn it jier yn see telâne kommen. Wêrby oantekene dat it in organisaasje is fan rederijen.

Sa leech mooglike sifers

En dy ha der alle belang by dat de oantallen dy't nei bûten komme sa leech mooglik binne. Neffens Amerikaanske ûndersikers wurdt it ferlies fan konteners lang net altyd troch de rederijen dield mei de bûtenwrâld. As it heal kin, wurdt it yn stilte mei de fersekeringen ôfwikkele.

It tal konteners dat alle jierren yn de Waadsee telâne komt, wurdt rûsd op 150. Mar dat gemiddelde is troch de ramp mei de MSC Zoe mei stip ophege. Wat it oantal konteners dat yn see telâne komt ek is: ôfset tsjin de miljoenen konteners dy't alle dagen oer de wrâldseeën ferfierd wurde is it hiel minimaal.

Direkteur Arjen Mintjes fan 'e Maritieme Academie seit it sa: "Dat is persintaazjegewiis in oantal dat net in soad útmakket. It is gjin al te grut risiko. Mar fansels is it wol ferfelend as dat lykas op de Waadeilannen foar dyn doar bart."

Hân yn eigen boezem

Hy fynt oars dat 'wy as konsuminten' ek de hân yn eigen boezem stekke moatte. "De groei fan dizze sektor giet seker troch. En wêrom? Hiel ienfâldich, om't we net ree binne ús konsumpsjepatroan by te stellen. We fine it hiel normaal mar ien euro foar in plastic bakje by de Xenos te beteljen, dat út Sina komme moat. It transport fan sa'n bakje kostet sis mar fiif sinten en dan moat der ek noch op fertsjinne wurde."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 342 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)