Wêrom't grutte kontenerskippen sa ticht lâns de Waadeilannen farre

Kontenerskippen lykas de MSC Zoe komme mei har soms giftige lading gefaarlik ticht by de Nederlânske kust. Dat yn tsjinstelling ta de tankers, dy't dêr net wolkom binne. Tankers mei gefaarlike stoffen binne al hiel lang ferplichte om boppe de Waadeilannen in fargeul te brûken dy't folle fierder fan de strannen leit. Krekt om't se by in eventuele ramp foar miljeuskea soargje kinne.
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Yn de fargeul dêr't de MSC Zoe 342 konteners ferlear, meie sûnt 1997 al gjin grutte oaljetankers mear farre. Dit is fêstlein yn ynternasjonale regels dy't opsteld binne nei de ramp mei de Braer, in oaljetanker dy't yn jannewaris 1993 fergie by de Shetlâneilannen en 85.000 ton rûge oalje ferlear.
Nei skatting 1500 seefûgels oerlibben de gefolgen fan dizze ramp net. It ferbod foar tankers om yn de súdlikste geul fan de saneamde Texel-Elbe-rûte te farren, moat derfoar soargje dat miljeuskea it Waadgebiet besparre bliuwt.

Plestikdieltsjes en pûden perokside

Sa't yntusken dúdlik wurden is, hat ek de kontenerramp fan dit jier foar flinke fersmoarging soarge. Op de Nederlânske en Dútske Waadeilannen spielde en spielt noch hieltyd in hiel soad rommel oan. Natuerorganisaasjes ha grutte noed oer plestikdieltsjes en guon pûden perokside dy't oan board wienen, binne weromfûn yn Dútslân.
Dochs besteane der gjin twingende regels om ek kontenerskippen - krekt as de oaljetankers - fierder út de kust farre te litten en gif en oare troep fier fan it Waad te hâlden. Sûnder sa'n regel bliuwe de grutte kontenerskippen op de Noardsee dus de koartste rûte befarren op wei nei Bremerhaven.
Albert de Hoop © Omrop Fryslân
Albert de Hoop, âld-boargemaster fan It Amelân, warskôget al jierren foar de risiko's fan kontenerferfier boppe de Waadeilannen. Neffens De Hoop soe it sjoen de omstannichheden yn de rampnacht logysker west hawwe dat de MSC Zoe in fierder lizzende fargeul keazen hie.
Het is onbegrijpelijk dat daar geen enkele vorm van begeleiding van de schepen is.
Albert de Hoop, âld-boargemaster fan It Amelân
Dy geul is djipper en is fierder fan de bewenne wrâld. Utsein de bekende perokside kinne der neffens De Hoop ek bygelyks partijen ferve oan board west ha, dy't net op de laadbrieven steane en no dus ticht by de eilannen yn see telâne kommen binne.
Wat him ek steurt, is dat der foar de fargeul net fier fan de Waadeilannen noch hieltyd gjin ferkearsbegeliedingssysteem ynfierd is. "Het is daar filevaren. Het is onbegrijpelijk dat daar geen enkele vorm van begeleiding van de schepen is. Vergelijk dat maar met het verkeer of de luchtvaart."
De Hoop wie jierrenlang foarsitter fan de organisaasje fan kustgemeenten KIMO. En dy organisaasje hat jier út jier yn by de regearingen yn Noard-Europa oantrune op de ynfiering fan it ferkearsbegeliedingssysteem Vessel Traffic Management and Advice (VTMA). "Maar er gebeurt niets op dit gebied, omdat de betrokken landen niet tot afspraken kunnen komen. Terwijl het toch simpel is in te voeren en het de veiligheid zeer ten goede komt."
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 342 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.