Tafersjoch op grutte kontenerskippen sjit tekoart

09 apr 2019 - 18:05

De ramp mei de MSC Zoe fan begjin jannewaris yn de Noardsee dreunt noch goed nei. Mei as grutte fraach: wêr gie it mis? Justysje en de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) binne ûnderwilens úteinset mei ûndersiken. Dat sil lang duorje. Omrop Fryslân en RTV Noord dûkten alfêst yn de wrâld fan de kontenerskippen, dy't almar grutter wurde.

It is oer de hiele wrâld de rapst groeiende foarm fan ferfier. De oerheden kinne dy enoarme groei lang net byhâlde. Se sjitte tekoart op it mêd fan kontrôles en hanthavenjen, konkludearje de beide omroppen. Mei as gefolch dat der nochal wat misgiet by it beladen fan dizze enoarme skippen. Dêrtroch binne se by ûnferwachte omstannichheden op see ekstra kwetsber.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Neffens ferskillende boarnen lit it tafersjoch op it laden en lossen fan de grutste kontenerskippen op de wrâld slim te winskjen oer. Ut in mânsk rapport fan it Amerikaanske Department of Commerce docht bliken dat yn sa'n 20 persint fan de gefallen it ferlies fan konteners te witen is oan net goed sjorjen. Konteners binne dan dus net stevich genôch fêstsjorre oan it skip en oan inoar.

Sjorren en twistlocks

Dêrby lit de kwaliteit fan saneamde twistlocks nochal ris te winskjen oer. De opsteapele konteners wurde fan de sechsde rige ôf net sjorre mei stangen, mar allinne fêstset mei twistlocks; in soarte fan hoekizers fan getten izer. Se kinne brekke as der swiere krêften op útoefene wurde, lykas by de ramp mei de MSC Zoe bliken dien hat.

De kwaliteit fan de twistlocks wikselet. Ek wurde oer de wrâld ferskillende soarten brûkt. It binne by it beladen de swakste skeakels, hearre wy fan in soad belutsenen. Probleem is ek dat út feilichheidsoerwagingen havenwurkers of sjorders net op de boppeste rigen konteners komme meie. Dat makket it checken fan de twistlocks op de heechste rigen hiel lestich.

Ynhâld fan de konteners

De ynhâld fan de konteners is faak sa goed as ûnbekend. Yn in soad gefallen wykt it ek ôf fan it yn foar opjûne gewicht fan in kontener fan de werklikheid. Niek Stam fan FNV Havens: "It giet echt net om in pear kilo mear as opjûn. Dat wykt soms tonnen ôf."

Troch dit ferskil komme swierdere konteners soms heech op in steapel te stean. Ferkeard beladen kontenerskippen binne ekstra kwetsber by min waar, ekstreme weachslach of oar ûnheil, docht bliken út it Amerikaanske ûndersyk. "As it gewicht net goed ferdield is, kinne konteners skowe en losreitsje. Dan komme der enoarme krêften frij."

Foto: RTV Noord

Tiid is jild

De hannel mei kontenerskippen groeit as koal. Hjoed-de-dei ferfiere kontenerskippen jierliks al trije kear safolle ton as twa desennia lyn, fan in lytse 600 miljoen ton yn 2000 oant goed 1800 miljoen ton yn 2017. En grutte marzjes binne der net.

Alle eagen binne rjochte op de havenkosten. Skipsfeartekonoom Johan Wagelaar: "De druk op de terminalbedrijven waar de rederijen in de havens zaken mee doen, is enorm. Ze worden uitgeknepen of tegen elkaar uitgespeeld."

Krekt dy druk kin liede ta problemen. "Er is nog maar weinig speelruimte. Dat leidt tot het te snel laden van deze schepen", konkludearret Wagelaar.

Rûnetafelpetear

Woansdeitemiddei is yn de Twadde Keamer in rûnetafelpetear oer de kontenerramp fan ôfrûne jannewaris. Ferskillende belutsenen binne útnûge om yn kaart te bringen watfoar lessen oft der lutsen wurde kinne út de ramp mei de MSC Zoe. Under de belutsenen is in tal persoanen dy't wy ek sprutsen.

Lês ek it artikel oer ús folsleine ûndersyk.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 342 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)