Minister Slob: "Geen bezuinigingen meer op regionale omroepen"

08 apr 2019 - 22:44

Der sil dizze kabinetsperioade net mear besunige wurde op regionale omroppen, dat seit minister Arie Slob fan Media moandei by in wurkbesite oan Omroep West. Slob seit dat it kabinet der in punt efter setten hat.

Minister Arie Slob - Foto: Omrop Fryslân

Slob hat by alle regionale omroppen lâns west en sleat syn toer ôf by Omroep West. De minister fynt de regionale omroppen belangryk, omdat sy woartele binne yn de mienskip. Derom sil hy syn bêst dwaan om jild te finen foar de regionale sjoernalistyk. Wol fynt Slob it belangryk dat de regionale omroppen gearwurkje, net allinnich mei inoar, mar foaral ek mei lokale omroppen.

"Lokale omroepen zitten soms nog dichter bij de mensen. Ik zie dat er goed functionerende regionale omroepen zijn en ook lokale omroepen met een behoorlijke omvang. Maar de verdienmodellen van de journalistiek zijn wel aan het teruglopen. Het is goed om te kijken naar mogelijke samenwerkingen. Dat is een win-winsituatie."

(advertinsje)
(advertinsje)