Fryske learling-skuonmakker wint Europeeske fakwedstriid

08 apr 2019 - 22:32

Learling-skuonmakker Menno Feenstra út It Hearrenfean hat goud wûn op de Europeeske fakwedstriid foar skuonmakkers.

Ferline jier gie Feenstra ek al de striid oan mei skuonmakkers út hiel Europa, doe helle er it twadde plak.

It skuonmakkersbedriuw Schoen- en Sleutel Meesters út Ljouwert, dêr't Feenstra wurket, is grutsk op harren jongste kollega. "Wij wisten dat Menno een goede kandidaat was, maar dat hij goud zou halen op het hoogste niveau van Europa, dat hadden we niet verwacht. "

(advertinsje)
(advertinsje)