Steven de Jong sil tredde Kameleon-film meitsje

08 apr 2019 - 21:37

Der komt in tredde Kameleon-film, dat hat regisseur Steven de Jong moandei bekend makke. De nije film hjit De Kameleon aan de ketting. Yn de film wurdt de boat fan de bruorkes Klinkhamer oan de ketting lein, fanwegen harren fersmoargjende diselmotor.

Foto: Omrop Fryslân, Lars

De haadrollen sille spile wurde troch de bruorren Duke en Scott Huisman. Dy twilling wie ek te sjen as de bruorren Klinkhamer yn de KRO-NCRV-serie De Kameleon. Foar ien fan de haadrollen siket De Jong noch in jonge mei it syndroom fan Down.

De film sil yn Fryslân opnommen wurde. It is in hjoeddeisk ferhaal, skreaun troch Dick van den Heuvel, dy't ûnder oare ek 'Salomon, het Kollumer oproer' skreaun hat.

As alles mei sit dan kin der dizze simmer al draaid wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)