Arjen Kok: "Deze ramp maakt duidelijk dat er een betere structuur nodig is"

Der moat in apart 'grien' rampeplan komme foar grutte krisissen. Dat is ien fan de wichtichste konklúzjes fan Arjen Kok fan Natuurmonumenten nei de kontenerramp. Hy is ien fan de saakkundigen dy't woansdei yn de Twadde Keamer befrege wurde oer de ramp mei it frachtskip MSC Zoe.
© Laura Conijn / ProNews
Kok hat út namme fan Natuurmonumenten, It Fryske Gea, Steatsboskbehear, It Groninger Landschap en Nationaal Park Schiermonnikoog syn belangrykste befiningen op papier set. By grutte krisissen wurdt in GRIP4 ôfkundige, in proseduere foar as der wat bart dat de gemeentegrinzen te bûten giet. Mar dat is foaral foar de feiligens fan de minsken en net foar it miljeu. Natuerorganisaasjes en terreinbehearders wurde net direkt ynskeakele by ekologyske rampen. Dat soe wol moatte, seit Kok.
"Het was duidelijk dat wij als terreinbeheerders beter aangehaakt kunnen zijn in de veiligheidsstructuur. Als een ramp zich voltrekt waar vooral het milieu de dupe van is en niet zozeer de mensen, dan zal de veiligheidsstructuur op een andere manier moeten plaatsvinden dan zoals het nu was."

Bettere koördinaasje

Ek wolle de natuerorganisaasjes graach in ferantwurdlike op it lân ha dy't se oansprekke kinne. Op it wetter is dat dúdlik, dat is Rykswettersteat, mar op it lân wie dat no net. Op de eilannen naam de gemeenten dy rol op harren, mar der wie gjin struktuer of in formeel protokol.
Om alle losse rommel op te romjen wiene der in soad frijwilligers nedich. No wie der earst gjin sintraal ynformaasjepunt en wie it dreech om te koördinearjen. "De contacten liepen via via. Het kwam op onze stranden terecht en in onze natuurgebieden, maar als terreinbeheerders zaten we niet direct bij de bestuurders om tafel. Dat gaf soms wat onhandige situaties."

Ofhanneling skea

Foar de ôfhanneling fan de skea binne de natuerorganisaasjes ôfhinklik fan Rykswettersteat. It is noch hieltyd net dúdlik oft de kosten fergoede wurde sille . Se wolle dat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hjir mear de rezjy yn nimme sil. "Er is ook behoefte aan een beheer autoriteit voor de hele Noordzeekustzone. Deze ramp maakt duidelijk dat er een betere structuur nodig is om elkaar sneller te kunnen vinden."
We halen nog dagelijks troep van het strand, we zijn er nog lang niet vanaf.
Arjen Kok, Natuurmonumenten
Ek sprekt Kok syn soargen út oer de ekologyske skea dy't de natuer oprint. "We halen nog dagelijks troep van het strand, we zijn er nog lang niet vanaf. Er zijn heel veel kleine bolletjes plastic aangespoeld. Om het uit het strand en de duinen te verwijderen is haast onbegonnen werk. We moeten kijken wat al die microplastics voor effect hebben op de natuur van de Waddenzee."

Effekten op lange termyn ûndúdlik

"We willen duidelijk maken dat dit een enorme impact heeft, we moeten hiervan leren", seit Kok. Neffens de natuer- en miljeuorganisaasjes binne de effekten op lange termyn, ek op finansjeel gebiet, net te oersjen. Sa stypje sy de gedachte om de reder te ferplichtsjen in fûns op te rjochtsjen om de needsaaklike maatregels te bekostigjen.

Petear mei de Twadde Keamer

It petear mei de Twadde Keamer is woansdeitemiddei. Under oare politisy, bestjoerders fan alderhande belutsen natuerorganisaasjes en de maritime wrâld wurde ûnderfrege.
Arjen Kok fan Natuurmonumenten oer de kontenerramp