Sikkes-van den Berg fertrout derop dat PvdA GrienLinks net loslitte sil

GrienLinks giet der noch altyd fan út dat de PvdA net sûnder har yn in nij kolleezje fan Deputearre Steaten stappe sil. Dêr is ûndúdlikheid oer ûntstien, no't ynformateur Harry van der Molen mei fiif partijen fierder praat, wêrûnder de PvdA, en nèt mei GrienLinks. Polityk lieder Matthijs Sikkes-Van den Berg is te gast yn It Polytburo.
Matthijs Sikkes
Polityk lieder Matthijs Sikkes-van den Berg, te gast yn It Polytburo, is ûntefreden dat er yn de petearen no al oan de kant set is. "Dat fielt hiel ferfelend, omdat ik graach útlizze wol oan de achterban wêrom't dit is, mar ik wit it net. Ik ha it wol frege oan Van der Molen, mar it komt der op del: hoe komme wy it fluchst oan 22 sitten."

Fersnippere lânskip

De kar is no om mei de fiif grutste partijen troch te praten, om dan in kolleezje fan fjouwer út de fiif grutste partijen te foarmjen. Sikkes-van den Berg fynt dat spitich. "Wy ha in hiel fersnippere lânskip, mei in soad lytsere partijen yn de gemeente, yn de provinsje en yn de stêden en doarpen. Ik fyn datst dat werom sjen moatst yn de koälysje."
Foar de ferkiezingen waard al sein dat de PvdA en GrienLinks inoar beethâlde soenen, ek nei de ferkiezingen en no sit GrienLinks der net by oan tafel en PvdA wol. Dochs hat Sikkes-van den Berg der fertrouwen yn dat de PvdA 'syn' GrienLinks net loslitte sil yn de ûnderhannelingen.
Mei de stânpunten dy't sy no ha, sitte wy oan twa ferskillende kanten fan it spektrum.
Matthijs Sikkes-van den Berg
CDA, VVD en FNP slute sa as it no liket Forum voor Democratie net út yn in nij kolleezje. as sy dêr oan meidogge. "Wat my in bytsje fernuveret is dat it skynber foar CDA, VVD en FNP net útmakket oft se mei PvdA of FvD fierder gean. Dat is itselde ast foar it jûnsiten fregest: wolst fanylje-iis ha of sprútsjes", seit Sikkes-van den Berg.
GrienLinks slút it Forum foarearst wol út yn in nij kolleezje, as sy dêr oan meidogge. "Mei de stânpunten dy't sy no ha, sitte wy oan twa ferskillende kanten fan it spektrum."
Sikkes-van den Berg hat oanjûn sels gjin deputearre te wurden. Wa't foar syn partij kandidaat is, wol er noch net sizze.

Nij petear

Ynformateur Harry van der Molen praat dizze wike mei fiif partijen: CDA, Forum voor Democratie, VVD, FNP en PvdA. De ynstek is dat der fjouwer partijen oerbliuwe sille foar in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. Om in mearderheid yn Provinsjale Steaten te hawwen moatte dy partijen minstens 22 sitten ha.