Sportoersjoch: Hearrenfean beskamsum, LDODK útskeakele, VC Snits wol goed

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
De sport fan it ôfrûne wykein
We ha it oer it kânsleaze en skamsume ferlies fan SC Hearrenfean by FC Emmen en de frustraasje by de Feanster supporters.
Fierder sjogge we nei LDODK: ferlies en dus gjin kuorbalfinale yn Ziggo Dome. Binne se gewoan net goed genôch?
De follybalsters fan VC Snits binne wol goed op wei nei de finale. Se binne der hast.
Sylster Marit Bouwmeester hat de earste echte testcase foar de Olympyske Spelen efter de rêch. En dat gie wol goed. Pieter-Jan Postma ferrûn it wat minder.
Danny Noppert wie tichteby in stunt tsjin Adrian Lewis. De Jouster darter hie in kâns om de wedstriid te pakken, mar it slagge krekt net.
En we meitsje fansels de nije Wedstriid fan de Wike bekend.