Tony Van den Bosch hâldt fuortdaliks op by Aris

08 apr 2019 - 18:45

Tony Van den Bosch hâldt fuortdaliks op as coach fan Aris yn Ljouwert. Van den Bosch krige by de Belgyske topclub Aalst in kontrakt oanbean, dêr't hy oan de ein fan dit seizoen begjinne soe. Mar no't technysk direkteur fan Aalst fuortdaliks fuortstjoerd is, kaam der druk op Van den Bosch om dêr earder te begjinnen.

Foto: Dijksfotografie

De Ljouwerter basketballers litte witte it jammer te finen dat Van den Bosch fuort giet, mar sizze te begripen dat it in drege kar wie. Assistent-coach Anne van Dijk sil it foarearst oernimme. It bestjoer wol sa gau as mooglik in nije trainer oanstelle.

It foartidige fuortgean komt op in ûngeunstich momint foar de Ljouwerters, om't de kompetysje noch net dien is. It is noch net wis oft Aris de play-offs helje sil.

Bestjoerslid Gert Schurer oer it opstappen fan Van den Bosch

(advertinsje)
(advertinsje)