Wedstriid fan de Wike: alles of neat foar sealfuotbalsters Drachtster Boys

08 apr 2019 - 17:52

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys wolle harren pleatse foar de play-offs. Dêrfoar moatte se by de earste fjouwer einigje yn de kompetysje. Op it stuit stiet Drachtster Boys fiifde. Freed is de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje, tsjin de nûmer trije Os Lusitanos. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

Drachtster Boys hat it heljen fan de play-offs om de lânstitel net mear yn eigen hân. De Drachtsters moatte sels winne fan Os Lusitanos en dêrnjonken moatte se hoopje dat nûmer fjouwer Drs. Vijfje in misstap makket yn de útwedstriid tsjin nûmer seis Team Alkmaar/Sportstars. Dan is pleatsing foar de play-offs in feit.

"Mar eins hat Drachtster Boys ek noch gelok", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Want trochdat Hovocubo tuskentiids út de earedifyzje stapt is, is de konkurrinsje punten kwyt rekke en Drachtster Boys net. Dy hawwe nammentlik dêrfan ferlern en rekken dus neat kwyt. Oars wiene de play-offs sawiesa al ûnhelber."

De wedstriid tusken Drachtster Boys en Os Lusitanos is freedtejûn live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio, mei dêryn ek in ferslach fan SC Cambuur tsjin Jong FC Utrecht. Sneon is der boppedat in gearfetting te sjen by Omrop Fryslân.

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)