It HEA! breabakje: "It wurdt in collector's item"

08 apr 2019 - 17:38

De klûs is iepen en sit fol mei HEA!-breabakjes. Net ientsje, mar in hiel soad. Mar wat dogge dy bakjes dêr? En hoe kinst sa'n bakje krije? Wy freegje it oan de minsken fan HEA!

Foto: Omrop Fryslân

It Hea!-breabakje, wat is dat?
HEA! hat net echt in gadzjet, net in aardichheidsje om sa mar efkes fuort te jaan. Dus wy binne op syk gien nei wat aardichs. En dat is it Hea!-breabakje wurden. It wurdt in collector's item, want sa'n breabakje komt net foar neat út de klûs. Kinst 'm net samar keapje.

Net? Mar hoe krij ik no sa'n bakje?
Do krigest sawiesa net sa'n bakje. Omrop meiwurkers meie net meidwaan, dus dat is efkes spitich. Mar harkers en sjoggers kin it bakje wol winne. Yn HEA! ha wy altyd 'Samar in momint', in moai momint út ús provinsje. Minsken kinne ek sels sa'n momint ynstjoere en as dat filmke yn 'e útstjoering sit, dan winne se it HEA!-breabakje.

Hoe stjoer ik myn momint yn?
Dat kinst hjir lêze.

In stikje bôle, in tomaatsje of wat dan ek; past it allegearre yn it bakje?
It bakje is multyfunksjoneel, dus der kin folle mear yn as allinnich mar bôle en brea. Wolst der sokken yn dwaan? Dat kin. Pinnen & potleaden? Dat kin ek. Kinst wier alles wol yn dit bakje dwaan. Al is it wol sa, dat ast der iten yn dochst, it dan wol 100 kear lekkerder smakket as út in oar bakje.

Binne der noch mear wizen om sa'n bakje te bemachtigjen?
Op dit stuit kinst allinnich op dizze wize it HEA!-breabakje krije, mar op ús kalinder stiet noch mear yn 'e planning. Dus hâld de telefyzje en webside yn 'e gaten!

Trefwurden: 
Hea! breabakje
(Advertinsje)
(Advertinsje)