GrienLinks Opsterlân makket him soargen oer pgb-regeling

08 apr 2019 - 17:02

De fraksje fan GrienLinks yn Opsterlân makket him soargen oer de pgb-regeling. Nei oanlieding fan berjochten yn it nijs dat it persoonsgebonden budget faak net heech genôch is om it taryf fan helpferlieners te beteljen, hat de fraksje fragen steld.

It gemeentehûs fan Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ut in enkête docht bliken dat hast elkenien tefreden is oer it prinsipe fan de pgb-regeling: minsken dy't soarch nedich ha, krije in budzjet dêr't se sels de soarch foar ynkeapje kinne. Dy frijheid om sels in soarchferliener te kiezen wurdt bot wurdearre. De gemeente bepaalt it taryf dat minsken krije, mar dy tariven binne yn in soad gemeenten net heech genôch.

GrienLinks yn Opsterlân wol no witte hoefolle minsken yn Opsterlân in pgb krije. En de partij wol ek dat de gemeente útsiket oft it probleem ek yn Opsterlân spilet en sa ja, wat boargemaster en wethâlders dêr oan dwaan wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)