KNVB beboetet Cambuur foar smiten guod op fjild

Fuotbalbûn KNVB jout SC Cambuur in boete fan 3.750 euro. De wedstriid tsjin FC Dordrecht waard ein febrewaris stillein, om't supporters guod op it fjild goaiden.
Cambuurspilers helje guod fan it fjild © www.orange-pictures.nl
De fans fan Cambuur makken harren lilk, om't de skiedsrjochter krekt foar tiid in strafskop joech oan tsjinstanner FC Dordrecht. Dy wie yn de eagen fan de supporters ûnterjochte. Boppedat drigen de Ljouwerters foar de sânde thúswedstriid op rige net te winnen.
Op de webside fan de KNVB sprekt it fuotbalbûn fan 'wanordelijkheden van de eigen aanhang, te weten het gooien van voorwerpen richting het speelveld en/of de scheidsrechter'.