Kat 'Russie' hâldt buert yn Drachten dagenlang foar de gek

08 apr 2019 - 16:06

Al dagen siet kat 'Russie' op in dak fan in hûs yn Drachten en wie der net ôf te krijen. Buertbewenners hiene dat wol besocht, mar it slagge harren net. Dêrom skeakelen se moandeitemiddei de brânwacht yn, mar dy hoegden net sa folle te dwaan.

Doe't de brânwacht kaam en sy de ljedder in stikje útskoden, skrok de kat sa fan it libben dat dat makke, dat er fan it dak sprong. Sadwaande koe de brânwacht wer gau werom nei de kazerne.

(advertinsje)