Wurk oan diken Koatstertille om rioelstelsel klimaatbestindich te meitsjen

08 apr 2019 - 15:49

Yn Koatstertille binne de wurksumheden oan it rioel en de Frisostrjitte, Nassauwyk en de Maria Louiseloane úteinset.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

It rioelstelsel yn it doarp wurdt klimaatbestindich makke: reinwetter en smoarch wetter wurde apart fan inoar opfongen. Sa kin it wetter by in stevige reinbui better ôffierd wurde.

De diken krije in nije fundearring, de krúspunten wurde opknapt en der komt in nije strjitfluorring. Dêrnjonken wurdt it parkearterrein efter de wenten oan de Casimirstrjitte oanpakt.

It is de bedoeling dat al it wurk foar de ein fan it jier klear is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)