Bernebibel 500ste útjefte fan de KFFB

08 apr 2019 - 15:43

Ofrûne sneon hat de Kristlike Fryske Folks Bibleteek yn de IIsherberch yn Dokkum syn 500ste útjefte presintearre: in boek mei bibelferhalen foar lytse bern. It is in boek om út foar te lêzen of om sels út te lêzen.

Omslach bernebibel Foar dy 20 bibelferhalen - Foto: eigen foto

De Dokkumer skriuwer Anders M. Rozendal hat de koarte ferhalen skreaun en yllustratrise Wendela Kluitenberg fan It Hearrenfean hat dêr de yllustraasjes by makke.

Jong en âld kamen op de presintaasje ôf. Nei it wolkomstwurd fan foarsitter fan KFFB Johannes Bakker, fertelde skriuwer en skathâlder fan de KFFB, Mynke Hoekstra, oer it ta stân kommen fan dit projekt.

Dêrnei rikte se de earste eksimplaren oan de yllustratrise en de skriuwer út.

"Foar dy 20 bibelferhalen" leit yn de boekhannels en kin ek streekrjocht by de KFFB besteld wurde

(Advertinsje)
(Advertinsje)