Bysûnder natuerferskynsel útsûnderlik betiid dit jier

Minsken dy't yn de nacht fan snein op moandei by de kust fan Skylge om rûnen, ha in bysûnder tafriel sjoen: seefonk. It blau opljochtsjende seewetter komt wol faker foar, mar it is no bysûnder betiid yn it jier. Ferline jier wie it bygelyks in moanne letter.
Seefonk
Seefonk is in bolfoarmich, iensellich organisme. Dat soarget foar grien of blau ljocht yn it wetter. It komt benammen foar by waarm simmerwaar. As seefonk hurd beweecht, bygelyks yn in weach, soarget in gemyske reaksje derfoar dat er ljocht jout. It opljochtsjen is bedoeld om fijannen ôf te skrikken.
Meastentiids is seefonk earst yn maaie goed sichtber. Sjochst it foaral yn de brâning of ast dertroch hinne rinst.