Mienskiplik sinnepanielprojekt úteinset yn Makkingea en omkriten

08 apr 2019 - 15:18

Ynwenners fan in oantal doarpen yn Eaststellingwerf kinne har tenei ynskriuwe foar in sinnepanielprojekt. Op it dak fan it feehâlderijbedriuw fan Arie den Blanken by Makkingea wurde 168 sinnepanielen pleatst. Ynwenners fan omlizzende doarpen kinne dêr in oandiel yn keapje, foar 99 euro it stik.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It giet om ynwenners fan Makkingea, Nijeberkeap, Elslo, Langedike, Easterwâlde en Donkerbroek. As se in oandiel keapje, krije se as tsjinprestaasje de enerzjybelesting dy't se op har eigen stroomferbrûk betelje, werom. Dizze konstruksje wurdt ek wol de Postcoderoos-regeling neamd, in regeling fan de belestingtsjinst.

It is foaral ynteressant foar bewenners fan in hierwenning of fan in histoaryske wenning, dy't sels gjin sinnepanielen pleatse kinne.

It projekt is in inisjatyf fan Energie Coöperatie de Eendracht. De regeling stiet noch mar krekt iepen en de earste oandielen binne al ferkocht. Belangstellenden kinne op de website fan de Eendracht mear ynformaasje fine. www.eendracht-ooststellingwerf.nl

(advertinsje)