Brûns foar OSG Singelland op NK snowboard foar skoallen

08 apr 2019 - 14:44

It snowboardteam fan OSG Singelland út Drachten is ôfrûne sneon tredde wurden op it NK foar skoalbern. It kampioenskip wurdt jierliks organisearre en fûn plak yn Snowplanet yn Zoetermeer.

Daniek Koning, Marten Thijsen en Michiel Weima - Foto: Johan Thijssen

It team fan Singelland bestie út Michiel Weima, Marten Thijssen en Daniek Koning. Marten Thijssen waard yndividueel kampioen troch yn de finale twa kear te winnen. De noch mar 13-jierrige Daniek Koning einige yn in fjild fan 47 finalisten op in hiel knap 13e plak. Marten Thijssen foel twa kear yn syn runs.

Troch dizze resultaten einige OSG Singelland krekt as ferline jier, op it tredde plak.

Learlingen fan OSG Singgelland oer it NK Snowboarden

(advertinsje)