VVD T'diel kin net kieze: wurdt it de eigen sparpot of de regiodeal?

08 apr 2019 - 14:28

De VVD-fraksje yn de gemeente Tytsjerksteradiel stiet foar in dilemma as it giet om it stypjen fan de twadde faze fan de regiodeal. De provinsje wol graach dat dy regiodeal slagget, mar dêrfoar is stipe nedich. En dat kostet de gemeente Tytsjerksteradiel jild. De VVD yn de gemeente freget him no ôf oft soks wol kin.

Gemeente Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Hoe reageert u als toezichthouder als er financiële verplichtingen van dergelijke omvang worden aangegaan door een gemeente, die bij u onder repressief toezicht staat?", freget de partij yn in iepen brief oan it provinsjebestjoer.

Faze twa fan de regiodeal giet nei it gebiet Noardeast-Fryslân. De gemeente Tytsjerksteradiel heart dêr by. As se meidwaan wolle, dan kostet dat seis jier lang 257.000 euro yn it jier. Dat past neffens de VVD net yn de plannen om it sparpotsje wer op oarder te krijen. Boppedat fynt de partij dat de plannen fan de regiodeal net hiel ambysjeus binne.

(advertinsje)
(advertinsje)