Teien fan iisflier Thialf soarget foar soad lekkaazje

08 apr 2019 - 12:55

It teien fan it iis yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean soarget foar grutte wetteroerlêst yn de tunnel ûnder de baan. It lekt sa bot dat it wetter yn grutte kontainers opfongen wurde moat.

Teien fan iisflier Thialf soarget foar soad lekkaazje

Neffens iismaster Beert Boomsma komt it troch skea yn de tunnel, dy't der al sit sûnt de nijbou. No't dúdlik is wêr't it lek sit, kin it ticht makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)