Op 'e nij gjin ûntheffing foar útbrieden ljipaaien

Age de Jong en Willem Bogtstra krije gjin ûntheffing om ljipaaien yn in briedmasine út te brieden. De Jong hie op syn terrein yn Skearnegoutum sa'n masine stean. Twa jier lyn wie der in ynfal en ferline jier krige De Jong in boete fan 1.000 euro ûnder betingst. Dit jier fregen beide manlju in offisjele ûntheffing oan. Mar sûnder sukses. Bogtstra hâldt lykwols foet by stik: "Der moat wat barre."
Op 'e nij gjin ûntheffing foar útbrieden ljipaaien
As in folsleine ferrassing kaam it brief fan de provinsje mei dêryn de 'nee' net. Willem Bogtstra: "Wy hiene it wol in bytsje ferwachte, mar 'wie niet waagt, die niet wint'. Dêrom ha wy it dit jier offisjeel oanpakt. Wy ha alle papieren ynfolle dy't by in offisjele oanfraach hearre. Mar it die al gau bliken dat de kâns op sukses nul wie. Wy binne útnûge by deputearre Johannes Kramer. Tegearre ha Age en ik dêr west, mar it antwurd wie nee. Wêrom't se dan wol dy ynfolformulieren hawwe, dat snap ik dan wier net."

Kânsleaze aaien

Dochs slút Bogtstra net út dat er takom jier op 'e nij in ûntheffing oanfreget. Der moat wat barre, fynt er. "As wy sjogge hoe rap de stân fan de ljippen achterút giet, dan moatte wy wat dwaan. Mar de provinsje ûntkent dat der kânsleaze aaien binne. Dat binne aaien dêr't wy hast mei sekerheid fan sizze kinne: dy komme net út. Bygelyks omdat de boer in soad op it lân oan it wurk is. Boeren binne hielendal net 'onwelwillend', mar se moatte harren wurk wol dwaan fansels."
Ljipaaien © Shutterstock.com
Bogtstra jout ta dat in briedmasine net de ideale oplossing is. "Sa'n briedmasine kin nea de oplossing wêze. As jo dy biotoop feroarje kinne sadat de fûgel wer better ta syn rjocht komt, dan is dat better."

Der moat wat barre

Dochs is net bekend wat der mei de ljippepiken bard is, dy't earder wol útbret binne yn de briedmasine. De BFVW hat in oanfraach by de Ryksuniversiteit Grins lizzen om ûndersyk te dwaan nei wat der bart mei de ljippen dy't út de útbrette aaien komme. Op dit stuit sit dit ûndersyk yn in foarstadium. Bogtstra: "Foardat wy dizze resultaten hawwe, binne wy fjouwer jier fierder. Ik soe sizze: jou minsken in kâns. Der moat wat barre foardat it te let is."
Willem Bogtstra oer syn plan