Plysje rôlet mear himpkwekerijen op yn Noard-Nederlân

08 apr 2019 - 12:03

De plysje hat ferline jier yn Noard-Nederlân mear himpkwekerijen oprôle as in jier earder. It distrikt bestiet út de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Hjir waarden ferline jier 436 himpkwekerijen ûntmantele. Yn 2017 wiene dat der 404.

Foto: Public Domain Pictures

Yn alle oare dielen fan it lân rôle de plysje just minder himpkwekerijen op. Dat Noard-Nederlân in útsûndering is, hat der mooglik mei te krijen dat hjir in spesjaal himpteam is. "Dat is een centraal gestuurd team", fertelt plysjewurdfierder Paul Heidanus. "Alle tips komen daar binnen. Daardoor kunnen we effectief werken. Daarnaast hebben we een zogeheten 'veegactie' gedaan. Daarbij zijn we 110 tips nagegaan en hebben we uiteindelijk 14 kwekerijen opgerold."

Net perfoarst mear kwekerijen

Dat de plysje mear kwekerijen ûntmantele hat, wol neffens Heidanus net perfoarst sizze dat der ek mear kwekerijen binne of wiene. "Wat je niet ziet, weten we niet. De opgerolde kwekerijen zijn niet alle kwekerijen."

De plysje sjocht yn alle gefallen gjin ferskowing fan de kriminaliteit. "Het gros van de verdachten komt uit Noord-Nederland. Een enkeling komt uit het zuiden, uit de Randstad of een ander deel van Nederland. Maar het grootste deel van de verdachten is lokaal."

Trefwurden: 
plysje himpkwekerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)