Boat nei It Amelân rint skea op nei't dy oan de grûn rûn

08 apr 2019 - 12:00

De Fostaborg, de boat foar de sneltsjinsten tusken Holwert en It Amelân, hat skea oprûn nei't it skip oan de grûn rûn. Súdlik fan Nes kaam de boat op in ûndjipte telâne yn de Waadsee. Op dat plak heart in geul te lizzen, neffens Rykswettersteat.

Foto: Wagenborg Passagiersdiensten

Rykswettersteat Noard-Nederlân hat ûndersyk dien mei ûnder oare radarbylden. Dêrút blykt dat de geul in stik nei it easten gong is en dêrtroch kloppen de markearringen dy't ûndjip wetter oanjouwe net mear. Dy markearringen binne yntusken oanpast.

Dat de Fostaborg oan de grûn rûn, hat net te krijen mei de koartlyn oanmakke bochtôfsnijing. Dy leit tichter by Holwert.

De boat kin oant de Peaskedagen net mear farre. De waadtaksy wurdt no ynsetten, mar dêr kinne folle minder minsken op.

(advertinsje)