Wietse Tolsma út Arum wie yn rampgebiet op Papoea: "Minsken binne slim traumatisearre"

08 apr 2019 - 11:18

Tolvetûzen Papoea's binne dakleas wurden nei in oerstreamings en ierdferskowings yn maart. De fan Arum ôfkomstige Wietse Tolsma wie dêr krekt en koe earste needhelp ferliene. Hy die dat fanút de helporganisaasje Hapin, dat stiet foar Hulp aan Papoea's in Nood. Hapin bestiet al sûnt 1962, doe't Papoea oerdroegen is oan Yndonezië.

Papoea's yn in opfangkamp - Foto: eigen foto

Tolsma seach mei eigen eagen wat foar gefolgen de ramp hat op de minsken yn it gebiet. "Tûzenen minsken wiene op de flecht, der wie noch hielendal gjin help. It wie ien grutte gaos doe't ik op it fleanfjild fan Sentani oankaam", fertelt er.

Sentani wie ek it epysk sintrum fan de ramp. Tolsma: "It is dêr no ien grutte keale flakte mei ynstoarte wenningen en omfallen beammen. De minsken binne no - trije wike nei de ramp - opfongen yn opfangkampen, mar doe't ik der wie, moast dat allegear noch opsetten wurde."

It wie ien grutte gaos.

Wietse Tolsma

Bern kwyt

Minsken binne net allinne guod kwyt; se misse ek bern, âlders, broers en sussen. "Se binne yn shock", sa seit Tolsma. "Se sitte mei glêzige eagen foar har út te stoarjen, slim traumatisearre."

Fanút de helporganisaasje Hapin koe Tolsma daliks acht miljoen roepia tasizze, sa'n 5.000 euro. Underwilens is der al folle mear jild ynsammele. Foar de needhelp hat Hapin kontakt socht mei de tsjerke.

Tsjerken spylje in wichtige rol yn Papoea. Tolsma: "De minsken dy't no troffen binne, komme foar in grut part út de bergen. Sy binne nei de kust ta gien om in bettere takomst op te bouwen. Se hearre ek hast allegear by in bepaalde tsjerke."

Dakleaze papoea's - Foto: eigen foto

Mear omtinken

Tolsma hopet dat der mear omtinken komt foar de ramp dy't plakfûn hat, sadat der ek mear jild ynsammele wurdt om de minsken dêr te helpen. "De Papoea's sels wolle ek graach dat harren situaasje bekender wurdt. Net allinne no't se sa swier troffen binne troch in natoerramp. Se wolle ek graach dat it rûnom bekend wurdt dat se ûnderdrukt en diskriminearre wurde en dat se te krijen ha mei in soad geweld."

Wietse Tolsma

Mear ynformaasje oer Hapin

Benijd wat Hapin krekt docht? Sjoch op www.hapin.nl foar mear ynformaasje oer de helpaksje.

Trefwurden: 
Arum papoea Wietse Tolsma Hapin
(Advertinsje)
(Advertinsje)