Dûmny Rinsma fan Goutum op non-aktyf
Dûmny Rinsma fan de PKN-gemeente fan Goutum sit thús, fanwege in skeel mei de tsjerkeried. De problemen spylje al langer. It provinsjale tsjerkebestjoer fan Fryslân hat de dûmny dêrom frijstelling fan wurksumheden ferliend, sa't dat offisjeel hjit.
Wat der krekt spilet, wol foarsitter Wim Beekman fan it tsjerkebestjoer net sizze. In spesjale kommisje oerleit no mei beide partijen yn de hope der sa mei elkoar út te kommen.