Abbingapark yn Ljouwert wurdt in buertcamping

Ljouwert krijt yn july in buertcamping yn it Abbingapark. Yn it park is plak foar sa'n 100 minsken. De camping is bedoeld om minsken mei-inoar yn kontakt te bringen en de kohesy te fergrutsjen.
Abbingapark yn Ljouwert wurdt in buertcamping
It plan foar de buertcamping komt fan Esther Jansen en Sanne Kroezen, dy't tegearre it inisjatyf naam ha. "Je kunt een ontspannen vakantie hebben in je eigen park. Het is misschien een beetje raar, maar daardoor wel gezellig. Voor heel Leeuwarden is de camping open voor activiteiten. Het idee is dat buurtbewoners voor langere tijd met elkaar verbonden blijven. In heel veel buurten kennen mensen hun eigen buren niet eens."

Fakânsjegefoel

In oldtimer VW-buske sil de resepsje fan de camping wurde. Sa wurde de kosten sa leech mooglik hâlden. "Er zijn altijd mensen die om financiële redenen niet op vakantie kunnen. Dat is heel jammer. Vandaar dat we deze vakantie betalen, zodat iedereen dat vakantiegevoel kan ervaren."
Inisjatyfnimmers Esther Jansen en Sanne Kroezen
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
It sintrale plein foarmet it hert fan de camping, dêr't ferskate aktiviteiten plakfine sille. Dêr komt in tinte te stean, foar as it min waar is. It bestjoer fan de tsjerke neist it park hat al oanjûn dat campinggasten mei min waar ek yn de tsjerke telâne kinne.
Peter de Haan fan de tsjerke: "Wat mij betreft bieden we dan ook een cultureel programma aan, samen met de wijkbewoners. Talent uit de wijk, daar ga ik me voor inzetten. Dit bevordert de cohesie in de wijk: precies wat wij als kerk ook willen stimuleren."
Peter de Haan fan de tsjerke yn Huzum
Buertcampings binne in nije raazje, dy't út de Rânestêd wei opkomt. Moandeitejûn is yn Ljouwert in ynformaasjegearkomste oer de plannen.