Kollum: "Pimelparty"

"In upperdare party; ik hie der earlik sein noch noait fan heard. Oant twa wike lyn, doe't ik sels op sa'n upperdare feestje siet. Hiel plat sein is it in pimelparty, mei allerhanne stoute seksspeeltjes. It tsjinoerstelde fan tupperware, sil 'k mar sizze.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Op de keukenstafel stie it guod útstald doe't wy binnenkamen. Dildo's yn allerhanne kleuren, maten en foarmen. Smarseltsjes foar de stimulaasje fan allerhanne lichemsdielen, hânboeien, blyndoeken en swypkes. As wie it de prizetafel fan de ferlotting by de plattelânsfroulju. Allinnich al troch der nei te sjen krige ik in kleur. Hiel efkes wie ik útluld, om mar by it tema te bliuwen.
De upperdare-frou dy't ús gastfrou wie dizze jûn, hie lykwols genôch te fertellen. Yn geuren en kleuren lei se ús alles út oer de bêste 'clitorisstimulatie', de P-spot en fansels de G-spot. De earen flapperen my derfan. Sa learde ik dat der yn it puntsje fan de noas deselde senuwen sitte as yn it nokkerbeantsje. Sterker noch: ast prúste moatst, binne der minsken dy't in saneamd 'neusorgasme' krije. Dus minsken dy't hoaikoarts ha, binne hielendal sa sneu noch net, betocht ik my.
Werklik alle 'standjes' waarden besprutsen. Ik wist somtiden wier net wêr't ik sjen moast as de gastfrou myn kant op seach. Mar blykber fûn sy it de gewoanste saak fan de wrâld om it bistje by de namme te neamen. It wie fagina foar en pimel achter.
En doe tocht ik wer oan it nije Fryske wurd foar fagina. 'Flomke' is as winner út de bus kaam. Net echt in wurd dêr't ik no fan sis: seksy. Dus ik tocht, ik lis it oan ús upperdare-frou foar. As der ien is dy't it hast alle dagen oer de fagina hat, dan is sy it wol. Dus wat fynt sy no in moai wurd foar de preut?
Se moast der efkes oer neitinke. Uteinlik kaam se mei it wurd 'flamoes'. Hmmm, tocht ik. Ek net echt in winner. It is dochs nuver dat wy foar de penis wol in hiel moai wurd betocht ha, nammentlik 'pimel' of koartsein 'piel', mar dat wy dit foar de fagina mar net betinke kinne. Mei pimel kinst echt fan alles betinke. Pimelparty bygelyks. Foar de fagina kom ik net fierder as kutfeest. En dat heart dan fuort toch in stik minder gesellich as in pimelparty.
Gelokkich waard it gjin kutfeest, want nei't it iis brutsen wie, siet de sfear der goed yn. Dildo's dy't laitsjend trochjûn waarden yn de kring as sieten we wer yn groep 8 mei in sprekbeurt. Stimulearjende krêmkes, dy't wy stikem yn de wc opsmarre mochten om te testen oft der wat begong te kribeljen en fansels gong ek de butplug in rûntsje troch de wenkeamer. Alles mocht preaun en úttest wurde. No ja, de butplug net fansels, mar glydmiddel mei in strawberry cheesecake smaakje, skearskûm mei in wettermeloensmaak; kinst it sa gek net betinke of it wie wol te krijen.
Wy ha smaaklik lake om alle ferhalen en blunders, dy't wy absolút net trochfertelle meie. Dat ha wy sward mei de hân op it krús, dus dêr hâld ik my oan. Gjin smeuïge ferhalen oer mislearre 'standjes' of foarwerpen yn bepaalde lichemsholtes dy't der net wer út wolle. Mar wa't nochris wat oars siket as de jierlikse tupperware jûn: in pimelparty is in jûn fol hichtepunten."