4-jierrich famke yn Grou oanriden op fyts
In 4-jierrich famke út Grou is sneintemiddei mei de skrik frijkaam nei't se mei har fytske ûnder in auto bedarre. It famke fytste efter de auto oan en gong dêrby sa hurd dat se tsjin de achterkant fan de auto botste.
De bestjoerder skrok fan de knal, mar koe it famke lykwols net sjen yn syn autospegels. Doe't er achterút ried om yn te parkearen, ried er mei de auto oer de fyts fan it famke hinne. It 4-jierrige slachtoffer is nei it sikehûs brocht foar kontrôle, mar mocht sneintemiddei wer nei hûs.