Drankrider besiket op felch werom nei hûs te riden

08 apr 2019 - 07:57

In 30-jierrige bestjoerder is sneintemiddei oanhâlden nei't er mei in stikken foartsjil oer de Wergeasterdyk ried. De man wie op de Wâldwei yn de fangrail riden, mar ried troch mei skea oan syn auto.

Foto: Politie Leeuwarden

De plysje koe de man op de Wergeasterdyk oan de kant sette. Dêr die bliken dat de bân fan it linkerfoartsjil hielendal stikken wie. De man ried op de felch fan de auto. Boppedat hie de bestjoerder te folle drank op.

Trefwurden: 
Wâldwei drankrider
(advertinsje)
(advertinsje)