A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean yn maaie op 'e nij ticht

08 apr 2019 - 07:31

De A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean giet yn it wykein fan 17, 18 en 19 maaie op 'e nij ticht foar ûnderhâldswurksumheden. Dat makke Rykswettersteat moandei bekend. De dykskant fan It Hearrenfean nei Ljouwert wie yn it wykein fan 5, 6 en 7 april ticht om de ferfelende hobbels út de dyk te heljen. Yn maaie sil ek de oare helte fan it ferkear yn de tsjinoerstelde rjochting oanpakt wurde.

Foto: Google Street View

Op 13 plakken rûnom Akkrum binne de hobbels út de dyk helle. "Dit was een tijdelijke maatregel om het asfalt vlak te krijgen", fertelt Marcel Kievit, projektmanager by Rykswettersteat. "Het echte probleem zit echter veel dieper in de fundering van de weg. Dat willen we in 2021-2022 aanpakken. Maar omdat het nu zo hobbelig was, moesten we ingrijpen om de weg veilig te houden."

Deselde operaasje

Oer de kosten wol Kievit neat sizze. "We hebben een groot pakket aan maatregelen genomen en het werk is ook nog niet klaar. In het weekend van 17, 18 en 19 mei doen we dezelfde operatie maar dan in de andere richting van Leeuwarden naar Heerenveen."

De omstannichheden ôfrûne wykein wiene optimaal. Dêrtroch koe de dyk moandeitemoarn wer iepen foar it ferkear.

Marcel Kievit, projektmanager by Rykswettersteat

(advertinsje)